Luister naar dit gedicht

it wikeler hop

I

En wer op ’e flecht foar de lekkende kraan
Fan it fertriet, mei in toarst yn ’e hals
Fan eat dat nea te ferslaan wêze sil, mar
Ek mei in ferljochting dy’t gearballet
Yn it krús dat ik draach fan terp nei terp, fan
Sompe nei sompe, fan hynstestâl nei
Havenstêden fol ynklauwerich kriten,
Stryk ik op de brede berm del by it
Wikeler Hop; bonken op ’e ierde, noch,
(As guon manlju op fakânsjekykjes
Noch oer fan foar in slim fersketten oarloch:
Hân ûnder ’e holle, knibbel omheech).
It meamde gers rûkt noch nei it earste hea.
Brodzich is ’t, en de reek fan ’e sigret
Wol likemin by my wei as de kop fan
In faam út Sleat dy’t my as in ingel
Trochseach, nei’t se my myn glês cognac serveard
Hie. En ik sjoch yn ’e skierens oer it
Fjild, yn ’e driging fan de ferstoppe loft
De flecht fan ’e fûgel dy’t ropt: Kwyt-kwyt.

II

Tiid, yn it stal fan ljippen dy’t lykas ik
En oare bisten gjin rie witte mei
De stilte op dizze soele neimiddei,
Befljocht, yn lûd dat sûnt it fleanende
Bern fan hij net en fan jok net feroare,
Dat wat yn ússels ûnbeweechlik is,
Dat noch yn ’e fierte ferankere leit,
Noch yn ’e djipte fan in âlde see,
Ivichheid: in snotterpoask mei in sjempôt.
(Ta in sin yn ’e notiid ferwurdt hjir
De Tiid.) Fier slacht de Wâldseiner toer seis kear.
Seis brûnzen punten hieltyd pleatst efter
De ûnsinnen fan ’e kûkút yn ’e bosk.
It wetter fan ’e mar draacht gehoarsum.
Neat dat iensumer makket as it wetter.
Neat dat fergonkliker is as it lûd.
En in Mercedes mei kritende fammen
En finsters as mûlen waachwiid iepen,
Pipet efter my del de mardyksbocht troch,
Wurdt, lang om let, yn tiid en greiden wei.

III

De swiere diesel fan in fakânsjeboat
Suggerearret in spoarline nei Balk
Dat mei Luts en strân ferlitten foarleit, wylst
Ik yn ’e efterkant fan ’e reiden,
De wyldgroei fan in sompich hoekje bûtlân
En in wylgebeam dy’t net harkje wol,
My de mar yntink as moaier as te sjen.
Twa manljustorso’s prottelmoterje
Neist my oer de koartwjokke wâl fan ’e feart
Dy’t nei it Wikeler Hop delbochtet;
Ut ien fan ’e torso’s stekt, rikjend, in piip,
(De piip wurdt in sleepboat dy’t de rompen
Fourtlûkt); in boer, dy’t stim en bisten misbrûkt,
Ferset him yn ’e skieppeskuorre fan
Syn siel: fiere gjalpen fan in âlde blues
Yn syn greidlân dat in evergreen is;
In byld fan in faam stekt de kop op, en toarst.
Driftich jout it hert de mage skonken,
En wer op ’e flecht nei de lekkende kraan
Fan it fertier, falt, koel, de earste rein.

het wijckeler hop

I

En weer op de vlucht voor de lekkende kraan
Van het verdriet, met een dorst in de keel
Van iets dat nooit te verslaan zal zijn, maar ook
Met een verlichting die zich samenbalt
In het kruis dat ik draag van terp naar terp, van
Drijftil naar drijftil, van paardestal naar
Havensteden vol van schraapzuchtig krijsen,
Strijk ik op de brede berm neer bij het
Wijckeler Hop; mijn botten op aarde, nog
(Gelijk mannen op vakantiekiekjes
Bewaard van voor een erg verschoten oorlog:
Een hand onder het hoofd, een hoge knie).
Het gras, gemaaid, ruikt nog naar het eerste hooi.
Het is zwoel; de rook van mijn sigaret
Wil evenmin bij mij weg als de kop van
Een vrouw uit Sloten die als een engel
Door mij heen zag, toen ze mij een glas cognac
Had geserveerd. En in de heiigheid
Boven het veld, de dreigende lucht, zie ik
De vlucht van de vogel die roept: Qui-vive.

II

Tijd, in de vorm van kieviten die als ik
En andere dieren geen raad weten
Met de stilte op deze zoele middag,
Vliegt, en het geluid van mannetje noch
Wijfje is veranderd sinds het kind holde,
Naar wat in ons onbewegelijk is,
Naar wat nog in de verte verankerd ligt,
Nog in de diepte van een oude zee,
Eeuwigheid: een snotjongen met een jampot.
(Tot een zin in het heden verwordt hier
De Tijd.) Ver weg slaat de toren van Woudsend,
Zes keer een bronzen punt zettend achter
De onzin van de koekoek in het bos. En
Het water van het meer draagt gehoorzaam.
Niets dat eenzamer maakt dan het water. Niets
Dat vergankelijker is dan geluid.
En een Mercedes met gillende meisjes
En ramen als wagenwijde monden,
Giert achter mij door de bocht bij het meer en
Raakt, tenslotte, in tijd en weiden, weg.

III

De zware diesel van een vakantieboot
Suggereert een spoorlijn naar een Balk dat
Achter een verlaten water ligt, terwijl
Ik aan de achterzijde van het riet,
In de wildgroei van zompig boezemland, waar
Een wilgeboom staat die niet horen wil,
Mij het meer indenk als mooier dan te zien.
Twee mannentorso’s pruttelen naast mij
Motorisch boven de gekortwiekte wal
Van de vaart die naar het Wijckeler Hop
Stroomt; uit één torso steekt een rokende pijp
(De pijp wordt een sleepboot die de rompen
Voorttrekt); een boer, die stem en dieren misbruikt,
Verzet zich in de smerige stal van
Zijn ziel: verre schreeuwen van een oude blues
In zijn grasland dat een evergreen is;
Een beeld van een vrouw steekt de kop op, en dorst.
Driftig geeft het hart de maag zijn benen,
En weer op de vlucht naar de lekkende kraan
Van het vertier, valt, koel, de eerste drup.

vertaling Tsjêbbe Hettinga en Benno Barnard

‘Het weidse landschap, de wind, de zee en de wolken krijgen stem op een manier die sinds Een winter aan zee van Adriaan Roland Holst in ons land niet meer was vernomen.’

Piet Gerbrandy – De Volkskrant